Auteur: J.W. Verbeek


Mirns


Adres: Murnserdyk 24, 8573 WP Mirns
     
Monumentnummer: 15925
Kapvorm: Schilddak
Dakbedekking: Gepotdekselde planken
Materiaal stoel: Grenenhout
Fundering: Gemetselde poeren
Bouwjaar stoel: 1953 (herbouw)
Luidsysteem: Vliegende klepel
Wordt geluid bij: Begrafenissen
Gietjaar klok: 1954
Gegoten door: Van Bergen te Heiligerlee
Diameter klok: 70,6 cm2
Gewicht klok: 250 kg
Eigenaar: Stichting BRM
Herbouwwaarde: € 58.400
Kadastrale gegevens: Balk K 1136
RD-Coordinaten: 160196 540959

Tekst op klok: VAN BERGEN HEILIGERLEE

Er staan vier teksten op de flank:

a: VIEL DE OUDE KLOK TEN BUIT / AAN S VYANDS WREDE PLAGEN / MYN STEM MET NIEUW GELUID / WIL SLECHTS VAN VREDE WAGEN
b: MURNS
c: IK MOANJE HAR DYT LIBJE / TO STJERREN GOED EN ROM, IK MOANJE HAR DYT STJERRE, / TO LIBJEN FROED EN FROM.
d: A°Di 1953

Vertaling c: Ik spoor de levenden aan, om goed en vrij te sterven, Ik spoor de stervenden aan, om braaf en vroom te leven
Versiering op de klok: Geen

Geschiedenis

Geplaatst 3 September 2015
Op dit moment ondergaat de Klokkenstoel van Mirns een schoonmaak- en schilderbeurt.

Geplaatst 13 Januari 2015
In 2014 zijn alle door de Stichting BRM te beheren Rijksmonumenten visueel geïnspecteerd door Monumentenwacht Fryslân. Als u kennis wilt nemen van de onderhoudstoestand van dit object, klik dan op Inspectie Klokkenstoel Mirns.
Deze inspectie is, in combinatie met de inspecties van de andere objecten, mede leidend voor de onderhoudsbegroting van de komende vijf jaar.

Geplaatst 8 November 2014
In het jaar 2011 is de klokkenstoel geheel nieuw in de verf gezet

Midden op het kerkhof heeft een kerk gestaan. Die is afgebroken in het midden van de 18e eeuw. De eerste klokkenstoel op deze plaats is gebouwd in 1723 en werd in 1943 door een neerstortende Amerikaanse bommenwerpers vernietigd. Herbouw van de huidige stoel vond plaats in 1953.

Geplaatst 13 november 2014
De feriening ‘Riis Foarút’ wie syn âldynwenner Tamminga jierren letter noch net fergetten. Yn ‘e oarloch 1940-1945 hiene de Dútsers yn de simmer fan 1943 de klok út de klokkestoel fan Murns ophelle – lykas al de oaren yn hiel Nederlân – om omraand te wurden ta wapenark. De klok wie fan 1767 en hie as opskrift: ‘Anno 1767 me fecit Pieter Seest Amstelodami’. Nei de oarloch is de Murnser klok net werom kommen. De feriening ‘Riis Foarút’ soarge yn 1953 foar in nije klokkestoel en in nije klok. Op 4 juny 1954 mocht Freule Van Swinderen de nije klok ynliede. Ald-Riister Douwe Annes Tamminga wie frege in opskrift te meitsjen yn ‘e nije klok. Oan de iene en de oare kant hie Tamminga betocht: (zie statische gegevens)

Woansdei 22-12-1943
It wie in tsjustere, dizige en reineftige desimberdei. Yn in tsjokke reinbuie ferûngelokket middeis om 13.02 oere in fjouwer motoarich Amerikaanske B-24 Liberator by Mirns. It tastel – B-24H-1-FO 445 Bomb Group, serienr. 42-7520, kaam fan de Ingelske Basis Tibenham, Norfolk en wie mei 580 Amerikaanse bommenwerpers op de weromreis fan in bombardemintsflecht op de Dútske stêd Osnabrück.
It tastel wie troch in lansearre raket fan in Dútske nachtjager rekke. Dêrtroch foel in motor út en de rompkonstruksje waard ûntset. Hjirtroch koe der gjin doar mear iepen of ticht. Fierder foel de telefoanyske ferbining út tusken de bemanningsleden. Troch it útfallen fan de motor rûn de fleansnelheid werom sadat it fleantúch út de formaasje fuortsakke. De piloat beslute ta in ‘nood-buiklanding’. It 25 ton waagjende fleantúch rekket - mei in snelheid fan 200 kilometer de oere - de ferheging fan it begraafplak op Murns en slacht trije kear oer de kop. It skansearre de tsjerkhôfbeammen; it fersplintere de klokkestoel en de helte fan de oanwêzige grêfstiennen. It fleantúch skood troch dwers oer de Murnserdyk, troch in sleat en oer in kampke lân. It crashplak wie oer in breedte fan 50 meter en in lingte fan 800 meter fol mei wrakstikken fan it fleantúch en syn bemanningsleden.

Het lawaai was vreselijk. Het schrapende geluid van metaal op metaal; het verstikte smoren van de motoren toen de propellers zich in de aarde van het kerkhof groeven terwijl de motoren werden losgerukt. De brandstoftanks aan de vleugels barsten open en de gasoline ontbrandde in een schitterend vlammenspel dat op 1,5 kilometer afstand nog zichbaar was, ondanks het regen- en moddergordijn. Het vliegtuig knalde uiteen in duizenden stukken. Uiteraard bedaarde alles na enige tijd en alles werd angstaanjagend stil.
Lichaamsdelen van de bemanningsleden lagen verspreid door het vliegtuigwrak en een deel van een been stak nog in een vliegeniersschoen. De scherpe doordringende geur van vliegtuigbrandstof vulde de hele omgeving.

Ien fan Gerrit Tjalma’s pleatsruten knapte. It grutste wrakstik wie net heger as in tafelblêd. Troch de rûnspattende benzine ûntstie der in grutte brân dy’t op in ôfstân fan 15 kilometer noch sichtber wie, nettsjinsteande in reingerdyn. It foardiel fan dit minne waar wie dat de brân gau dwêste wie.
Alliearde fleantúchbemanningsleden moasten op befel fan Himmler as ,,Terrorfliegers” behannele wurde en dat hâlde yn dat de slachtoffers 48 oeren lizze bliuwe moasten sadat it publyk yn de gelegenheid steld waard om de stoflike resten te sjen. It crashplak waard bewekke troch Luftwaffe militêren út Kamp Sondel. Hja stiengen op meardere punten mei helm en bajonet dochs lieten wol minsken ta op it rampplak. De Dútske skildwachten diengen harren wurk dúdlik mei tsjinsin. De Bakhústers Gerrit Tjalma, Frans van der Werf en syn soan Fimme van der Werf wiene op dat stuit dwaande in beam op de wein te laden. Frans en Fimme van der Werf krigen beide min of mear earnstige brânwunen oan holle en oan hannen troch de baarnende gasoline. Sy wiene ûnder de harren wein dûkt en dat wie harren gelok. Frans van der Werf moast in wike lang it bêd hâlde fanwege de bensine dy’t oer him foel. Syn hier wie ek allegearre ferskroeid. Gerrit Tjalma mankearre neat. In foar de wein steand hynder kriich in skotwûnde yn ‘e nekke. It hynder wie eigendom fan Frans van der Werf.
De bemanning bestie út 10 persoanen. Twa piloaten koene feilich ûntkomme mei harren parasjute en komme yn it Rysterbosk del. It binne de boardsjitters Staff sersjant Harry L. Henry út Philadelphia en Erwin Bevins út Waterflist.
Harry L. Henry wurdt nei Hotel Jans brocht en wurdt benadere troch piloatenhelper Jan T. Faber út Riis. Faber frege Henry oft hy oan de Dútsers ûntkommen woe en dat seach Henry wol sitten. Hy kriich boargerklean oan. Faber joech ynstruksjes oan Henry om yn it skimer yn in boskgreppel efter Hotel Jans lizzen te gean. Hy soe dêr ophelle wurde troch fersetsminsken. In dokter hie Henry syn ferwune foet ûndersocht en konstatearre dat him neat mankearde nettsjinsteande Henry ûnsacht mei de parasjute op ‘e grûn kommen wie. Mar Henry wurdt net troch it ferset ophelle omt der ferrie yn it spul wie. Dútske militêren fan kamp Eisbär yn Sondel kamen hotel Jans yn omt hja warskôge wiene troch in personielslid fan Hotel Jans omt dy’t bang wie foar repressailles. De Eastenrykse kommandant fan de Luftwaffe-observaasjepost oan de Murnserleane yn Riis wie Oberfeldwebel ,, Hans”. Dizze wie anti-Hitler. Hans moast de Amerikaan arrestearje en sei allinne dat Henry syn militêre klean wer oanlûke moast. Henry waard troch de Dútsers meinommen en kaam yn kriichsfinzenis. Hy kaam yn in krijgsgevangenkamp, overleefde de oorlog en en keerde behouden in de Verenigde Staten terug.
De oare delkommen parasjutist Erwin Bevins wurdt jûns yn it Riisterbosk oppikt en yn de skuorre fan grientenhandelaar Betze Bosma brocht. Fabrikant Augustinus Alfonsus C. Mous (fersetsnamme ,,Tinus”), ( berne 3 desimber 1909, regelet dat Bevins troch it ferset by it Flinkeboskje, krúspunt Himmelum-Koudum-Kolderwolde ophelle wurdt op 24 desimber 1943 yn in sabeare sikenauto en nei Ljouwert ferfierd. Hjir bliuwt hy oant it ein fan de oarloch. Húsarts Tromp Visser út Warns siet yn it komplot en hie Bevans in ynjeksje jûn sadat hy der syklik útseach. By dizze operaasje wie de ferneamde Krijn van der Helm as ambulansesjauffeur belutsen, hy is de grutste en bekendste strider fan it Fryske ferset.

De bemanning van de ambulance was een schijnbemanning die bestond uit leden van de Knokploeg uit Leeuwarden. In plaats van medische attributen hadden ze vuurwapens bij zich. Bevans heeft in goede gezondheid de oorlog in Leeuwarden doorgebracht.

Ek de riedseleftige Esmée van Eeghen hat meiholpen. Fan har is nea dúdlik hokker rol sy krekt yn de oarloch spile hat. Begjin september 1944 is sy troch de SD likwidearre. De ,,ferpleechster” yn de ambulanse is mejuffrou Gé Nijdam. It tredde bemanninglid wie navigator en twadde luitnant Joe Gill dy’t ferwune rekke wie by syn parasjutesprong. Syn parasjute wie hingjen bleaun oan de sturt fan it fleantúch. Hy hie te betiid oan ‘e hendel lûkt fan de parasjute. Joe Gill wurdt troch de Dútsers kriichfinzener makke en nei Ljouwert brocht.

Daarna komt hij in een krijgsgevangenkamp en overleefd de oorlog en komt veilig in Amerika terug.

De omkommen bemanningsleden wiene:
Earste piloat en luitnant John Harold Allen. Wenne yn Dallas, Teksas. It wie it iennige lyk dat noch sa goed mooglik yn takt wie. Allinne de holle ûntbruts. Fan alle oare deaden binne allinne losse ledematen fûn. Uteinlik is it stoflik omskot fan John Harald Allen oerbrocht fan Margraten nei de Amerikaanske militêre begraafplak yn Neuville-en Condroz (België)
Twadde piloat en 2e luitnant Anthony Louis Destro, rnr. 0-732613. Hy wenne yn Miami, Florida (USA)
Bomrjochter en 2e luitnant Werner A. Owens, rnr. 34351234 T43. Hy wie technysk sersjant(boardsjitter en boardwurktúchbouwkundige) en kaam út Atlanta. Hy is letter oerbrocht fan it begraafplak yn Margraten nei in tsjerkhôf yn Amearika.
Technyske sersjant (rêchkoepelsjitter) John R. Elder. Op syn identiteitsplaatje stie nr. 38188018. Hy wie mei syn parasjute út it fleantúch sprongen yn it iiskâlde wetter fan de Isselmar. Hy is hjiryn fersûpt.
Staff/sersjant Everett M. Odom, rnr. 14165120. De stoflike resten fan Odom binne fan Margraten oerbrocht nei in begraafplak yn Amearika.
2e luitnant (bommenrjochter) Joseph John Pavelko,rnr13125175. Hy wie ûnderskieden mei it Purple Heart. Syn lêste wenplak wie Philadephia. Hy is begroeven op it Amearikaanske begraafplak yn Margraten, fak M rige 10, nr. 14.
Technysk sersjant James S. Owens. (boardsjitter en boardwurktúchboukundige).
De lichemsdielen leine oeral folslein fernield ferspraad. De restanten binne yn sekken by elkoar skrept en yn 2 lykkisten dien.
De liken wiene sa skeind dat earst yn 1963 fêststeld wurde koe dat mar 3 piloaten de ramp oerlibbe hiene.

Pilotenhelper Jan Keulen krijgt een eervolle vermelding van dapperheid toegewezen door Generaal Eisenhouwer, de latere president van Amerika.
‘De President van de Verenigde Staten van Amerika heeft mij opgedragen om aan JAN KEULEN de dankbaarheid en waardering van het Amerikaanse volk over te brengen voor zijn onbaatzuchtige hulp aan Geallieerde soldaten bij hun pogingen te ontsnappen aan de vijand.
Was getekekend: Dwight D. Eisenhower, legergeneraal en commandant-generaal van de Amerikaanse strijdkrachten aan het Europese Front’.

Bron: J.G. Vogelzang (Balk)

Geplaatst 8 november 2014
Vlak na de Tweede Wereldoorlog werd deze propeller door medewerkers van Gemeentewerken Gaasterlân gevonden op de begraafplaats te Mirns. Van links naar rechts de heer E. Rijpkema, NN en de heer Johannes Melchers.